Frysk folksliet

 

Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brūze en siede,
En būnzje troch myn ieren om.
Flean op! Ik sjong it bźste lān fann'ierde;
It Fryske lān fol ear en rom.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Ompolske fan it hege sālte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'ālde Friezen yn de wrāld net better.
Har lān en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe de ālde Fries stānfźst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn

Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hān,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lān.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Fan būgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlźst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerālde leave Fryske grūn,
Waard noait dy taaie bān ferbrutsen,
Dy Friezen oan har lān ferbūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Trochloftich folk fan dizze ālde namme,
Wźs jimmer op dy ālders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krźftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Klink dan, en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn.

Nei boppe