Nijs fan it bestjoer

08 - 02 - 2017

Rjucht en Sljucht spilet 17 en 18 maart it stik “Leave Minsken”

Dit stik fan Maria Goos hat in televyzje searje west en is oerset en oanpast foar toaniel troch Tryntsje van der Zee.
It stik giet oer twa dakleazen. Dree, al in heal jier fan de drank ôf en Ietsje, in ex-heroïne ferslaafde.
Fia in resosjalisaasje projekt ha se in flat tawiisd krigen. Se wolle harren bêst dwaan om sa’n normaal mooglik libben te krijen. Mar as dat slagget?
It binne minsken dêr’t wy ús leaver net mei identifisearje mar wêr’t wy wol nijsgjirrich nei binne en hoopje dat dy wrâld net uzes wurdt.
De spilers dy’t it stik op ’e planken sette, binne Tymo Reinsma, Rinze Hof, Jeen Wouda, Chantal Sinnema en Jannie Huver-Idzerda (op de foto fan links nei rjochts). Eppie Oosterbaan is ynstekker en it stik wurdt regissearre troch Anneke van den Akker út Oerterp.

 

29 - 11 - 2016

‘Amateurs’ op 16 en 17 desimber yn kafee Overwijk

Op freed 16 en sneon 17 desimber 2016 set Rjucht en Sljucht de komeedzje ‘Amateurs’ op ’e planken yn kafee Overwijk. De yntree is € 10 en it begjint om 20.00 oere. Kaarten kinne besteld wurde by Klaske Lageveen (0513 571630) of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa.
De spilers en spylsters binne Renko Hof, Andries Idzerda, Trudy Wiersma, Reina Gerlofsma, Joeke Meijer, Marit Reinsma, Laura Oosterloo en ?
De rezjy is fan Wiesje Jansma-de Vries út Snits. Ynstekster is Siepie Dam.

De komeedzje ‘Amateurs’ is skreaun troch Wannie de Wijn en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra.
De toanielploech “Sân” mei har nije stik opfiere yn in folle gruttere seal as se wend binne.
En omdat se goed foar it ljocht komme wolle, ha se in profesjonele regisseur frege: Albert Bos.
Foar it earst repetearje se op it poadium! Mar de senuwen slane ta: noch mar in pear repetysjes; de tekst sit der by guon noch lang net yn; kostúms binne net klear en it dekôr moat men noch mei begjinne....  Joop, de toanielmaster is te let, en hoe wurket it hjir eins allegear? Ek de eardere regisseur hat sa syn problemen. En is it wol sa'n moai stik? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat. Mar ja, de show must go on!, of ....
‘Amateurs’ is in prachtich hilarysk toanielstik dêr't jo in ûnferjitlike jûn oan belibje!

 

 

05 - 03 - 2016

‘Mosken en swannen’ op 18 en 19 maart yn kafee Overwijk

Op freed 18 en sneon 19 maart 2016 set Rjucht en Sljucht it blijspul ‘Mosken en Swannen’ op ’e planken yn kafee Overwijk. De yntree is € 10 en it begjint om 20.00 oere.  Kaarten kinne besteld wurde by Andries Idzerda (0513 571226) of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa.
De spilers en spylsters binne Renko Hof (Rick), Laura Oosterloo (Korine), Chantal Sinnema (Esther) en Jeen Wouda (Aram). De rezjy is fan Tineke Nicolai út Donkerbroek. Ynstekker is Eppie Oosterbaan.

It blijspul ‘Mosken en Swannen’ is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Mosken bliuwe mekoar kollektyf trou. Se dogge it allinnich mei oare mosken. Swannen binne idel en bliuwe harren hiele libbe trou oan inoar. Wy minsken meitsje in kar: Bliuwe wy by ien partner? Of fladderje wy rûn?
Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Korine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet. Mosken en Swannen is in blijspul mei in protte humor.

 

 

10 - 10 - 2015

Troch de buorren

 

Op twa fronten wurdt der op dit stuit fûleindich rippeteard foar de foarstelling ‘Troch de buorren’, de foarstelling dy’t  de muzykferiening De Bazuin en toanielferiening Rjucht en Sljucht op 11 en 12 desimber (de jûns) en op 13 desimber (de middeis) opfiere sille yn de tsjerke oan de Rolbrêgedyk.

Op moandeis en tongersdeis rippeteare spilers fan Rjucht en Sljucht  yn kafee Overwijk ûnder lieding fan Jan Smit. De 17 spilers binne drok dwaande om harren rolfiguer eigen te meisjen om se aansens goed foar it fuotljocht bringe te kinnen.

Op tiisdeis binne de leden fan De Bazuin ûnder lieding fan Guus Pieksma drok oan it rippetearen yn doarpshûs De Trekkerstinte. De muzyk foarmet in grut ûnderdiel fan ‘Troch de buorren’. 

Jan en Guus steane foar de útdaagjende taak dat beide ûnderdielen (toaniel en muzyk) ta ien gehiel smeid wurde. Fan novimber ôf wurdt der dan ek mei inoar rippeteard.

De spilers en muzikanten binne op dit stuit mei nocht dwaande mei ‘Troch de buorren’. It úteinlike resultaat kin yn desimber besjoen wurde.

klik op ûndersteande link foar de online kaartferkeap:

 

 

17 - 09 - 2015

Troch de buorren

De start is makke. De repetysjes foar de produksje ‘Troch de buorren’ binne útein set.
‘Troch de buorren’ is in mienskiplik inisjatyf fan it Kristlik muzykkorps De Bazuin en toanielferiening Rjucht en Sljucht yn it ramt fan it 110-jierrich bestean fan De Bazuin.
Op 11, 12 (de jûns) en snein 13 desimber (middeis) wurdt ‘Troch de buorren’ opfierd yn de tsjerke oan de Rolbrêgedyk. Bouke Oldenhof hat it stik skreaun. It is in kombinaasje fan toaniel en muzyk. Dizze kombinaasje soarget der foar dat it in unike foarstelling wurde sil. Under lieding fan Jan Smit (regisseur) en Guus Pieksma (dirigint) binne leden fan Rjucht en Sljucht en De Bazuin koartlyn útein set mei de repetysjes. It earste tiidrek sil der ôfsûnderlik repetearre wurde, mar nei ferrin fan tiid sil der mei-inoar repetearre wurde om toaniel en muzyk goed op inoar of te stimmen.
Skriuw de data fan de foarstellingen mar alfêst yn jo aginda om aansens it einresultaat fan ‘Troch de buorren’ beskôgje te kinnen.

Oan de mienskiplike produksje binne in soad kosten ferbûn. De Kommisje De Bazuin 110 is dêrom drok dwaande om stipers te winnen. Der is al in grut subsydzjebedrach fan € 4.500 binnenhelle. Dizze subsydzje komt fan it Cultuur Partcipatie Fonds.
Ek in tal pleatslike ûndernimmers hat in finansjele bydrage beskikber steld. De Kommisje De Bazuin 110 is hjir fansels tige bliid mei. Mei de bydragen fan de ûndernimmers fan en út de omkriten fan De Tynje wurdt in mei mooglik makke de foarstelling ‘Troch de buorren’ stal te jaan. Tank dêrfoar.

 

Kommisje De Bazuin 110

 

 

01 - 07 - 2015

De Bazuin bestiet dit jier 110 jier en dat wolle we net ûngemurken foarby gean litte.
Njonken de gebrûklike aktiviteiten foar dit jier hat De Bazuin inkelde bysûndere eveneminten op it programma mei as absolút hichtepunt in útfiering yn desimber 2015 tegearre mei de
toanielferiening Rjucht en Sljucht.
Sa as De Bazuin de lêste jierren wol mear optredens hat mei oare sjongers en muzikanten út it doarp (bygelyks Mannenkoar en Popkoar), like it De Bazuin in skoander idee yn it jubileumjier wat gruts te organisearjen tegearre mei de toanielferiening Rjucht en Sljucht. 
Nei in earste oerlis bliek dat beide ferienings tige entûsjast wienen oer it idee. Om it idee stal te jaan waard der al gau in kommisje yn it libben roppen. Dêryn ha in sit: Jitse de Jong, Minke Jeeninga en Jacob Groen fan De Bazuin út en Klara Dam en Andries Idzerda van Rjucht en Sljucht út.  Guus Pieksma (dirigint fan De Bazuin) en Jan Smit (regisseur fan Rjucht en Sljucht) meitsje ek diel út fan de kommisje. Sy soargje foar de artistike ynbring.
It earste dêr’t de kommisje har oer bûgde wie de fraach wat it projekt wurde moast. 
Nei wat harsensskrabjen mei regisseur Jan Smit en dirigint Guus Pieksma kaam de kommisje ta de konklúzje dat it wat wêze moast fan en foar it doarp De Tynje, mar fansels ek foar minsken fan bûten it doarp. Moai betocht, mar op hokker wize te realisearjen?
Doe kaam immen mei it lumineuze idee toanielskriuwer Bouke Oldenhof te freegjen in stik te skriuwen mei as útgongspunt it 110-jierrige bestean fan De Bazuin; in stik wêryn sawol toaniel as muzyk harren gerak krije. Bouke Oldenhof wie fuortendaliks ree syn meiwurking te ferlienen en kaam yn it earste petear al mei in útstel dat sawol troch De Bazuin as Rjucht en Sljucht entûsjast omearme waard.
Bouke Oldenhof is dwaande mei it skriuwen fan in stik, dat as wurktitel meikrigen hat: ‘Troch de buorren’.  It is de bedoeling dat ‘Troch de buorren’  opfierd wurde sil yn de tsjerke fan De Tynje op freedtejûn 11, sneontejûn 12 en sneintemiddei 13 desimber (ein fan de middei) mei as reservedatum woansdeitejûn 16 desimber.

kommisje De Bazuin 110 jier

 

27 - 04 - 2015

4  jubilarissen by Rjucht en Sljucht
Op freed 17 april wie de maaitiidsgearkomste fan Rjucht en Sljucht.
Der waard omtinken jûn oan 4 jubilarissen yn it winterskoft 2014-2015.
Dy 4 jubilarissen wienen: Hendrik v/d Krieke, Piet de Leeuw, Marrianne Lok (alle trije 40 jier lid) en Reina Gerlofsma (25 jier lid). Fan dizze 4 jubilarissen wienen 3 oanwêzich. Dat wienen Hendrik v/d Krieke, Piet de Leeuw en Reina Gerlofsma. Marrianne Lok wie net fit en koe spitigernôch net oanwêzich wêze.

09 - 02 - 2015

Utfiering freed 13 en sneon 14 maart 2015: ‘Och heden heit’  

Op moandeis en tongersdeis wurdt der troch Rjucht en Sljucht drok rippeteard yn kafee ‘Overwijk’ foar de útfiering yn maart. Op freed 13 en sneon 14 maart wurdt de klucht ‘Och heden heit’ fan Ray Cooney op ’e planken set. De Fryske oersetting is fan Alle Geart Hof.

De spilers en spylsters fermeitsje harren poerbêst by de rippetysjes. Hja ha in protte wille. Mar der wurdt ek stoef rippeteard. De spilers en spylsters binne
Renko Hof, Tjitske de Vries, Klaske Lageveen, Joeke Meijer, Alie Hof, Eppie Oosterbaan en Henk Bosma. De rezjy is fan Tineke Nicolai út Donkerbroek. Ynstekster is Janke Tiekstra.

Ynhâld ‘Och heden heit’
Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy wennet yn Huzum en is troud mei Hanne. Dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy't yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn 'e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant "chatten" west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoarst moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat foar te kommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen. It stik ´Och heden heit´ is in stik dêr´t bot om lake wurde kin. 

 

03 - 12 - 2014

‘Tink oan my’ op 19 en 20 desimber yn kafee Overwijk

Op freed 19 en sneon 20 desimber 2014 set Rjucht en Sljucht it stik ‘Tink oan my’ op de planken yn kafee Overwijk. It stik wurdt spile troch Henny Drijver (Pem), Trudy Wiersma-Bok (Aafke), Saapke Osinga (Jeanine) en Reina Gerlofsma (Doris). Op de foto fan lofts nei rjochts. De rezjy is yn hannen fan Anneke v/d Akker út Oerterp en ynstekster is Jikke Bangma-Wouda. It stik ‘Tink oan my ’ is skreaun troch Hetty Heyting  en yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma.

Yn ‘Tink oan my’  moetsje de 4 froulju elkoar yn in fakânsjehúske yn de Provence yn Súd Frankryk.
Wat bringt harren eins yn dat waarme Súd- Frankryk by elkoar en wêrom…..?
Mar ja, wat dogge jo as jo útnoege wurde troch jo eks?
Nammerste mear as jo noch wol wat te besljochtsjen hawwe mei die eks!!
En….wat dogge jo as blykt dat der mear eksen fan de eks útnoege binne!!!!????
‘Tink oan my’ giet oer fjouwer froulju elts mei harren eigen libben, mar deselde eks. Yntriges, teloarstellings en katastrofes hawwe harren makke ta wa’t se binne.
Ferkeap fan kryststjerren: 13 desimber 2014
Op sneon 13 desimber komme leden fan Rjucht en Sljucht wer by de doarren lâns mei kryststjerren

 

08 - 05 - 2014

6 jubilarissen by Rjucht en Sljucht


Op freed 25 april wie de maaitiidsgearkomste fan Rjucht en Sljucht. Njonken de normale agindapunten, sa as it weromsjen op it ôfrûne winterskoft en de foarútblik nei it kommende winterskoft, waard omtinken jûn oan 6 jubilarissen yn it winterskoft 2013-2014.
Dy 6 jubilarissen wienen:
Wieke Dam-Hielkema, Roelie v/d Meulen-Overwijk en Geeske Frieswijk. Alle trije 50 jier lid.
Eabe Wouda, Anneke Hielkema en Theo Dam. Alle trije 40 jier lid.

Fan dizze 6 jubilarissen wienen 3 oanwêzich. Dat wienen Roelie van der Meulen-Overwijk, Geeske Frieswijk en Theo Dam. Foarsitter Klara Dam spruts de jubilarissen ta en joech yn it koart oan wat sy foar Rjucht en Sljucht betsjutten ha en noch hieltiten betsjutte. Alle trije jubilarissen krigen in bosk blommen. Roelie van der Meulen krige ek noch in Oarkonde fan STAF (Stichting Amateurtoaniel Fryslân). Theo Dam krige ek in Oarkonde en de  gouden STAF-spjelde dy’t by it 40-jierrich lidmaatskip heard.
Eabe Wouda, Anneke Hielkema en Wieke Dam-Hielkema koenen net oanwêzich wêze.
De foarsitter hie harren oerdeis al in bosk blommen brocht.

 

26 -02 - 2014

15 maart is it sa fier: dan spilet Rjucht en Sljucht de komeedzje ‘TWA‘

Op sneon 15 maart set Rjucht en Sljucht de jûns om 20.00 oere yn kafee ‘Overwijk’  de komeedzje ‘TWA‘ op ’e planken. ‘TWA’ is skreaun troch Jim Cartwright en yn it Frysk oerset troch Romke Toering.  

Wiesje Jansma-de Vries, dy’t hikke en tein is yn kafee Overwijk op ’e Tynje hat de rezjy yn hannen. Janke Tiekstra is ynstekster. De spilers en spylsters binne: Jeen Wouda, Aly Bosma, Nynke Dam, Renko Hof, Henny Drijver, Henk Bosma, Reina Gerlofsma, Hendrik van der Krieke, Iris Overwijk, Arjen van der Krieke, Eppie Oosterbaan, Alie Hof, Klaske Lageveen en Thomas de Vos.

We sitte mei syn allen yn it doarpskafee fan Klaas en Jantsje de Vries. It is jûn drok: neist de fêste klanten lykas ome Kees en de dikke twilling, it Dútse wiif mei har man en beppe Jet, is der yn de seal njonken de bar in feestje geande. De jeugd wit it kafee ek wol te finen. En fansels komme der ek persoanen dy’t net ta de fêste klanten rekkene wurde kinne. It rint Klaas en Jantsje suver oer de fûst. En se lykje dochs al net sa op elkoar ynspile. TWA is in hilaryske mar ek in ûntroerende foarstelling fol ôfwikseling. Om te laitsjen en in bytsje te skriemen.

 

Op de foto: it kasteleinsechtpear Klaas en Jantsje de Vries (Jeen Wouda en Aly Bosma)

 

06 -02 - 2014

Utfiering sneon 15 maart 2014: ‘TWA’  

Op moandeis en woansdeis wurdt der troch Rjucht en Sljucht drok rippeteard yn kafee ‘Overwijk’ foar de útfiering yn maart. Dan wurdt it komyske stik ‘TWA’ fan Jim Cartwright op ’e planken set.

De spilers en spylsters fermeitsje harren poerbêst by de rippetysjes. Hja ha in protte wille. Mar der wurdt ek stoef rippeteard. De spilers en spylsters binne
Jeen Wouda, Aly Bosma, Nynke Dam, Willem Dotinga, Henny Drijver, Henk Bosma, Reina Gerlofsma, Hendrik van der Krieke, Iris Overwijk, Arjen van der Krieke, Eppie Oosterbaan, Alie Hof, Klaske Lageveen en Thomas de Vos.
Janke Tiekstra is ynstekster.

It stik ‘TWA’ spilet yn in doarpskafee earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa'n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy't nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. It is dizze jûn lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.

De foarstelling ‘TWA’ is yn mear dan ien ding bysûnder. Earstens omdat it stik him ôfspilet yn in kafee. En yn it twadde plak omdat it stik regissearre wurdt troch Wiesje Jansma-de Vries, dy’t hikke en tein is yn kafee Overwijk op ’e Tynje.
Wat wolle jo noch mear. In stik regissearje dat him ôfspilet yn in kafee en dat spylje yn in kafee dêr’t jo eartiids sels berne binne en jierrenlang wenne ha.

 

30 -11 - 2013

Utfiering Rjucht en Sljucht op sneon 21 desimber 2013

Toanielferiening Rjucht en Sljucht spilet op sneon 21 desimber 2013 de jûns om 20.00 oere yn kafee ‘Overwijk’ it stik “Yn de gloaria”. In tragi-komeedzje fan Alan Ayckbourn, yn it Frysk oerset troch Tryntsje van der Zee.  De generale is op woansdei 18 desimber om 19.30 oere.
‘Yn de Gloaria’ giet oer 5 minsken dy’t yn ‘e rin fan it stik allegearre harren jierdei fiere.
Mar oft it allegear like feestlik is as de titel oanjout……?
De spilers binne Klara Dam-de Vries, Trudy Wiersma-Bok, Jannie Huver-Idzerda, Joeke Meijer en Andries Idzerda,
De rezjy is yn hannen fan Grietje Kleefstra út Aldeboarn. Ynstekster is Jikke Bangma-Wouda.

Kaarten kinne tillefoanysk besteld wurde by Klara Dam 0513 571320 (by foarkar tusken 17.00 – 18.00 oere).
Of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl (net ferjitte jo namme yn de mail te setten)
Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa. Tagongspriis foar net stipers: € 10,-


Fiat 500

Ferkeap fan kryststjerren: 14 desimber 2012

Op sneon 14 desimber komme leden fan Rjucht en Sljucht wer by de doarren lâns mei kryststjerren.

 

25-01-2011

Rjucht en Sljucht skinkt har âldste notuleboeken oan Tresoar

Uteinlik wie it dan safier. Op tiisdei 25 jannewaris 2011 binne de âldste notuleboeken fan Toanielferiening Rjucht en Sljucht oerdroegen oan Tresoar yn Ljouwert.
It bestjoer fan de feriening wie mei in oantal leden útnoege om de oerdracht op in formele wize plak fine te litten. De delegaasje fan Rjucht en Sljucht waard hertlik wolkom hjitten troch de hear Bert Looper, direkteur fan Tresoar. De hear Looper joech in útiensetting oer it ûnstien, it belied en it wurk fan Tresoar. Dêrnei brocht literêr meiwurker Jelle Krol de delegaasje yn de kunde mei de webside fan Tresoar.

Foarsitter Klara Dam oerlanget in notuleboek oan Tresoar direkteur Bert Looper.


En doe fûn de offisjele oerdracht plak fan de notuleboeken fan Rjucht en Sljucht oan Tresoar. Foarsitter Klara Dam ferrjochte dizze hanneling tegearre mei de hear Bert Looper. Nei de ûndertekening fan de ferklearring fan skinking oerlange Klara Dam de notuleboeken oan de hear Looper. Mei de oerdracht binne we der fan fersekere dat de notuleboeken in goed plak ha en dat se bewarre bliuwe foar ús neiteam en ús feriening. Wy kinne de boeken by Tresoar altyd ynsjen.

Rjucht en Sljucht waard oprjochte yn 1872. De notuleboeken fan de earste tsien jier binne
spitigernôch net bewarre bleaun. It âldste notuleboek fan Rjucht en Sljucht is fan it tiidrek 1883 oant en mei 1890. De notuleboeken oant en mei 1949 binne oerdroegen oan Tresoar. In oantal fan dizze notuleboeken wienen net al te bêst mear en der moast wat barre om foar te kommen dat se hielendal wei reitsje soenen. Boppedat hienen wy gjin goed plak mear om de notuleboeken te bewarjen. De notuleboeken waarden altyd bewarre yn de klûs fan de Rabobank, mar dat koe op in bepaald stuit net mear.
Yn in ledegearkomste fan in pear jier lyn waard it idee oppere om de boeken te restaurearjen en fuortendaliks ek te digitalisearjen. De fraach wie lykwols hoe’t wy dat stal jaan moasten. 
Ek wie de fraach wêr’t wy se dan letter bewarje moasten. Ferskate suggestjes waarden dien wêrûnder de suggestje de boeken oer te dragen oan Tresoar. Mar it kealle swier. Inkele leden wienen der huverich foar omdat de boeken dan net mear yn ús besit wêze soenen. Nei in skoft fan oerlis en tarieding is letter yn in ledegearkomste besletten om de notuleboeken dochs oer te dragen oan Tresoar.


Literêr meiwurker Jelle Krol is bliid mei de notuleboeken

It die de jûns fan de formele oerdracht bliken dat de ledegearkomste in goed beslút nommen hat. Nei in rûnlieding troch Jelle Krol yn de spelonken fan Tresoar wie eltsenien der fan oertsjûge dat de notuleboeken in goed plak krigen ha by Tresoar.
De notuleboeken wurde bewarre ûnder perfekte klimatologyske omstannichheden. Mei Tresoar is ôfpraat dat de notulenboeken digitalisearre wurde sille en ek dat se restaurearre  wurde sille. By it digitalisearjen fan de boeken sille in oantal frijwilligers fan Rjucht en Sljucht Tresoar stypje. De ynhâld fan de boeken wurdt troch harren “ynscand”  It wurdt in hiele toer, want de notuleboeken befetsje nochal wat siden.

Tresoar is tige wiis mei de skinking troch Rjucht en Sljucht. Tresoar is fan doel om mear fan dit soarte notuleboeken fan toanielferienings yn it besit te krijen. Hjirmei wol Tresoar de rike histoarje fan de Fryske toanielselskippen bewarje.

De delegaasje fan Rjucht en Sljucht

It wie in noflike en foaral ek in tige ynteressante jûn. En de notuleboeken ha no in goed plak.
Bestjoer en leden koenen mei in rêstich hert de weromreis nei De Tynje oangean.